Boksgala yn Ljouwert grut sukses: 43.000 euro foar goed doel

Op it boksgala Knokken met je Hart yn Ljouwert is freedtejûn goed 43.000 euro ophelle. Sechstjin ûndernimmers sûnder boksûnderfining stapten de ring yn om jild yn te sammeljen foar Stichting Hartekind, in stichting dy't ûndersyk nei oanberne hertôfwikings stipet.
Boksgala 'Knokken met je Hart' grut sukses
Sa'n 400 minsken kamen freed ôf op it útferkochte benefytgala, wêrby't de ûndernimmers it yn acht rondes tsjin inoar opnamen. Eltse partij bestie út trije ronden fan oardel minút. De skiedsrjochter en de officials wiene ôffurdige troch it Nederlânske boksbûn.