Burgumers yn Zeist om mei útsetting bedrige Afgaanske húshâlding te stypjen

15 des 2019 - 21:49

Tsientallen ynwenners fan Burgum en omkriten binne snein mei de bus nei Zeist. Sy stypje de Afgaanske húshâlding dy't ôfrûne wike ophelle waard út it azc yn Burgum en oerbrocht is nei in detinsjesintrum.

De húshâlding, dy't bestiet út twa âlden en fiif bern, driget útset te wurden. Se wenje al fjouwer jier yn Burgum. De âlden en bern út Afganistan binne bekeard ta it kristendom, mar de Immigratie- en Naturalisatiedienst leaut harren ferhaal net. Dêrom driget de famylje weromstjoerd te wurden. Foar it bernepardon komt de húshâlding net yn oanmerking.

Tsientallen Burgumers wiene snein yn Zeist - Foto: Keistadnieuws

Ofrûne wike is de famylje moarns betiid meinommen út Burgum. Neffens de Friezen dy't snein yn Zeist binne as stipe, is de famylje te 'ferwestere' om werom te gean nei Afganistan. "Maar het gaat er niet zozeer om wat de IND gelooft, maar wel wat men in Afghanistan gelooft", sei aktivist Esther van Dijken earder tsjin Omrop Fryslân. "Dan lopen deze mensen risico op vervolging en dat is verschrikkelijk om te horen."

Tocht om detinsjesintrum

Om de húshâlding te stypjen is in groep sneintemiddei op in spesjaal hierde bus stapt. De aksje is troch de tsjerke organisearre. Yn Zeist hat de groep oan it sjongen west en in 'wake' hâlden om it detinsjesintrum hinne.

Mei de stipe hoopje de Burgumers foarkomme te kinnen dat de húshâlding weromstjoerd wurde sil nei Afganistan.

(advertinsje)
(advertinsje)