Manon Kamminga wint maraton yn Utrecht

14 des 2019 - 20:41

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat sneontejûn de sânde wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. De Fryske reedrydster wie nei tachtich ronden yn de massasprint te rap foar Imke Vormeer en Kelly Schouten.

Foto: Neeke Smit

Schouten naam troch har tredde plak de liederstrui oer fan Francesca Lollobrigida, dy't yn it Japanske Nagano is foar de wrâldbeker op de langebaan. Ek Marijke Groenewoud fan Hallum, dy't tredde stie yn it algemien klassemint, stie fanwege de wrâldbekerwedstriden yn Japan net oan de start yn Utrecht.

Kruijer tredde

By de manlju einige Ronald Kruijer fan Donkerbroek as tredde. De winst gie nei 125 rondes nei Bart Hoolwerf. It twadde plak wie foar Sjoerd den Hertog.

(advertinsje)
(advertinsje)