Alvestêdetocht moat duorsumer: gjin plestik mear

It bestjoer fan feriening De Fryske Alvestêden wol ôf fan it brûken fan plestik. De Alvestêdetocht moat folle duorsumer wurde. Sa moatte de aggregaten dy't de organisaasje brûkt tenei draaie op it plantaardige blauwe disel. Foarsitter Wiebe Wieling makke dat bekend op de drokbesochte ledegearkomste yn it WTC-hotel yn Ljouwert.
Fergadering 11-steden
Wieling fynt dat de feriening it goede foarbyld jaan moat. "Seker as je sjogge dat it klimaat feroaret, moatte wy alles dwaan wat yn ús macht leit om dêr wat tsjin te dwaan." In tal leden hie dêr fragen oer steld. Sy fine dat de feriening duorsumer wurkje kin. Takom jier moat der in plan lizze, sa sei Wieling ta.

Needgjalp fan iisklups

Johannes de Vries fan de iiswegesintrale Grou frege de help fan de Alvestêdeferiening foar de finansjele problemen dy't in soad ôfdielingen hawwe. Troch it útbliuwen fan iis reitsje de finansjele reserven útput. En dat wylst de sintrales ek foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht fan grut belang binne.
Foarsitter Wieling fielt mei de iiswegesintrale mei en sei ta dat de feriening sjen kin wêr't se krekt help biede kinne. Finansjeel kin dat lykwols net, sa seit Wieling. "Nee, want de leden jouwe ús jild foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht. Mar, we witte hiel goed dat we net sûnder de sintrales kinne. Dus helpe we se graach yn de kontakten mei gemeenten en provinsje om te sjen wat der finansjeel mooglik is."

Anty-swartryd heske

It heske dat riders oan moatte by in folgjende tocht is ek presintearre. It dragen dêrfan moat swartriders tsjinhâlde. De leden krije it krekt foardat se fan start gean útrikt. Der hat yn it ferline in soad diskusje oer west.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma