Santa Run yn Wolvegea: krystmanlju drave troch it sintrum

14 des 2019 - 19:33

Ien en al krystgefoel sneontemiddei yn Wolvegea. Goed twahûndert krystmanlju en -froulju draafden troch it sintrum. Dat diene se om jild op te heljen foar it goede doel.

Foto: ProNews

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf joech it startskot fan de Santa Run, wêrnei't de ferklaaide hurdrinners in rûte fan trije kilometer makken. De finish wie op it Centrumplein, by it âlde gemeentehûs.

Mei de Santa Run is goed 4.000 euro ophelle foar de stichting Spieren voor Spieren.

Trefwurden: 
Wolvegea Santa Run krystman
(advertinsje)
(advertinsje)