Learlingen drage Fryske gedichten foar op It Hearrenfean

14 des 2019 - 18:04

Learlingen út it foarset ûnderwiis kamen sneontemiddei yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean byinoar foar de finale fan it FeRstival. Dy foardrachtswedstriid foar learlingen waard dit jier al foar de 77ste kear hâlden.

Foto: Omrop Fryslân

Yn totaal sieten sneon 33 dielnimmers fan ferskate skoallen yn de seal. Der wiene ek in soad besikers mei de dielnimmers meikommen. De dielnimmers, fan tusken de 12 en 18 jier âld, moasten op it poadium in gedicht foardrage.

Fryske gedichten

"It binne besteande gedichten fan Fryske dichters dy't hjoed-de-dei publisearje", fertelt Jelle Bangma fan de organisaasje. "It is moai om te sjen dat der noch hieltyd in soad bern binne dy't dat moai fine om te dwaan."

Der wiene trije kategoryen: de starters, de trochsetters en de toppers, yndield nei leeftiid. Michelle Vijver fan Frjentsjer wûn by de starters, Alianne Broers fan Skerpenseel by de trochsetters en Elise Westerhof fan Eastermar by de toppers.

De sjuery hie by de beoardieling bygelyks omtinken foar de útspraak, it oerbringen en de artikulaasje.

Jelle Bangma fan it FeRstival

(advertinsje)
(advertinsje)