Dieven nimme tolve doazen gebak mei út besikerssintrum Appelskea

14 des 2019 - 17:40

De plysje yn Appelskea siket minsken dy't mear witte oer in ynbraak yn it besikerssintrum Terwisscha fan Steatsboskbehear. Ut de opslachromte fan it restaurant waarden ûnder oare tolve doazen mei gebak stellen.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Oer in mooglike dieder is noch neat bekend. Minsken dy't mear witte fan de stellerij wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)