Karlsson fljocht echt op it poadium fan De Harmonie

14 des 2019 - 17:17

De tradisjonele krystfamyljefoarstelling fan De Harmonie wurdt dit jier fersoarge troch Tryater. Karlsson fan it dak fan Astrid Lindgren wurdt op de planken brocht. It is foar it earst dat dit ferhaal yn Nederlân útfierd wurdt. Karlsson fljocht echt op it toaniel. Tryater hat dizze technyk sels ûntwikkele.

Haadrolspiler is Erik Erikson, in hiele gewoane jongen dy't yn in hiel gewoane famylje libbet. Op in dei komt der in lyts rûn mantsje mei in propeller op syn rêch syn libben yn. It is Karlsson, dy't fier fan saai is. Erik en Karlsson helje fan alles út en belibje allegearre aventoeren.

"Erik groeit as it wiere op, hy kriget mear bravoer. Karlsson is anargistysker en doart wat mear tsjin de regels yn te gean. Dat leart Karlsson Erik allegearre", sa fertelt Lourens van den Akker dy't Erik spilet.

Fleane

Karlsson fljocht echt yn de foarstelling. Tryater hat dit sels allegearre ûntwikkele. Fan 'e wike koe dit foar it earst besocht wurde by De Harmonie, "Yn Tryater koene we in lyts stikje de hichte yn, mar doe hong ik oan in fêste peal fan it gebou. Yn De Harmonie hingje ik oan touwen en swipe ik hiel bot nei en hjir moat ik no wol rekken mei hâlde", neffens Mirjam Stolwijk, dy't de rol fan Karlsson fertolket.

It stik giet takom wike yn premjêre en is dan oant en mei 30 desimber te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)