Sneonsfuotbal: Harkemase Boys wint, ONS en Bûtenpost ferlieze fan koprinners

14 des 2019 - 16:16

Harkemase Boys hat sneontemiddei op besite by VVSB, de nûmer trettjin fan de tredde difyzje, mei 3-2 wûn. Kompetysjegenoat ONS Snits die it in stik minder en wûn foar de fjirtjinde kear dit seizoen net.

Pier Veldman fan Harkemase Boys makket de 3-2 - Foto: Orange Pictures

De hikkesluter ferlear yn eigen hûs mei 4-1 fan koprinner Sparta Nijkerk. Ek hikkesluter fan de Haadklasse B, VV Bûtenpost, slagge der net yn om te winnen fan in koprinner. VV Eemdijk wie op it nipperke mei 3-2 te sterk.

Harkemase Boys

Al nei sân minuten seach Harkemase Boys yn Noordwijkerhout tsjin in efterstân oan. Felitciano Zschusschen, âld-spiler fan FC Twente en NAC Breda, skoarde fanút in foarset de 1-0. Twa minuten foar it skoft kaam de ploech fan De Harkema op 1-1 fia in doelpunt fan Robert Stelpstra.

De Friezen koene eins allinnich yn it skoft genietsje fan dy likense stân, want nei in pear minuten sette op 'e nij Zschusschen de ploech út Súd-Hollân op 2-1. It like der lang op dat dat ek de einstân wêze soe, mar Henny Bouius makke der tsien minuten foar tiid út it neat 2-2 fan. En dêr bleau it net by foar de Harkiten, want twa minuten letter kopte Pier Veldman de Fryske ploech op 2-3 en dêrmei bepale hy de einstân.

Troch de oerwinning stiet Harkemase Boys mei 29 punten op it fjirde plak yn de tredde difyzje. It gat mei koprinner Sparta Nijkerk is mei trettjin punten grut, mar nûmer twa DVS '33 Ermelo en nûmer trije Odin '59 ha respektyflik mar trije en twa punten mear.

Wesley Tankink fan ONS Snits (l) en Gilbrano Plet fan Sparta Nijkerk (r) - Foto: Orange Pictures

ONS Snits ûnderút

Op it Sudersportpark iepene Jerry Geurtsen nei 22 minuten de skoare foar de besikers út Nijkerk. Yn de lêste minút foar it skoft kaam ONS Snits lykwols op 1-1 troch in goal fan Ruendel Martina.

Mei hast in oere op de klok naam Sparta wer de lieding. Bryan Burgerhout makke der yn Snits 1-2 fan. Yn de 72e minút besliste Mohammed Bendadi mei in fraai doelpunt de wedstriid: 1-3. Yn de blessueretiid makke Justin van Groen der noch 1-4 fan.

Troch de nederlaach stiet ONS Snits noch hieltyd op it lêste plak yn de tredde difyzje. De Fryske ploech hat seis punten út fyftjin wedstriden, twa minder as de nûmer ien-nei-lêst VVOG.

Foto: Twitter: @vvBuitenpost

VV Bûtenpost ferliest op it nipperke

De Fryske ploech kaam al yn de sechde minút op foarsprong troch in doelpunt fan de eigen helte ôf, fan Mark Huizinga. In kertier letter kaam Eemdijk wer op likense hichte troch in benutte strafskop fan Bas Buimer. Krekt foar it skoft makke Rolf Dijk nei in assist fan Rudmer Loonstra de 2-1 foar Bûtenpost.

Nei it skoft like Bûtenpost op roazen te sitten troch in reade kaart foar Jordie Huijgen fan Eemdijk. De útploech kaam lykwols werom ta 2-2 troch in fan rjochting feroare skot fan Bas Buimer.

Yn de slotfaze waard it noch slimmer foar Bûtenpost. Keeper Kevin van der Meulen krige read nei't hy in trochbrutsen spiler fan Eemdijk nei de grûn brocht. De penalty dy't dêrút folge waard skoard troch Buimer, dy't syn twadde fan de middei makke: 2-3.

Troch de nederlaach stiet VV Bûtenpost mei fiif punten noch hieltyd ûnderoan yn de Haadklasse B.

(advertinsje)
(advertinsje)