Hurde wyn: fjoerwurkshows Dickens Festival op De Lemmer gean net troch

De grutte fjoerwurkshows dy't foar sneon- en sneintejûn pland stiene by it Dickens Festival op De Lemmer geane net troch. Troch de hurde wyn soe dat net op in feilige wize kinne.
Fjoerwurksjo Dickens Festival giet net troch
Ek hat de organisaasje ekstra maatregels nommen om de tinten en de krystbeammen, dy't yn it sintrum fan it doarp stean, ekstra goed fêst te meitsjen. De wyn helle benammen sneontemoarn en oan it begjin fan de middei flink oan. Ek op oare plakken moasten der oanpassingen dien wurde by krystmerken en oare eveneminten.

Fjirde Dickens Festival

It Dickens Festival op De Lemmer wurdt dit jier foar de fjirde kear hâlden. Goed fiifhûndert frijwilligers hawwe it doarp de ôfrûne dagen oanklaaid yn de styl fan de Ingelske skriuwer Charles Dickens.
Der wurde mar leafst 20.000 besikers ferwachte. Neffens de organisaasje sil dat oantal ek mei de hurde wyn gewoan helle wurde.
"Vorig jaar waaide het ook flink en toen kwamen we uiteindelijk op 25.000 bezoekers uit. En eigenlijk verwachten we ook dit jaar gewoon een goede opkomst", seit wurdfierder Marieke Boon.