Bysûnder briedeilân foar fûgels iepene by Wolvegea

Yn de Lindevallei by de A32 by Wolvegea is sneontemoarn in nije fûgeleilân yn de foarm fan in pompeblêd iepene. Deputearre Douwe Hoogland knipte in tou troch, wêrmei't it eilân oan de wâl fêstsiet.
© ProNews
De jeugd fan de pleatslike fûgelwacht hat it eilân dêrnei nei it nije plak fearn. It pompeblêd is twa jier lyn betocht, en krige in jildpriis fan 2.000 euro foar de realisaasje.

Bysûndere fûgels

It is de bedoeling dat bysûndere fûgels op it eilân komme te brieden. Om foar te kommen dat de pykjes fan it eilân falle, is in stek delset.