Reina Anema nei sechde plak op 3.000 meter yn Nagano

Reina Anema fan De Gordyk hat op de twadde dei fan de wrâldbeker yn Nagano in sechde plak behelle op de 3.000 meter. Se ried in tiid fan 4.05,90. Dêrmei ried se 5.66 sekonden stadiger as de Kanadeeske winneres Ivanie Blondin.
© Orange Pictures
Anema wie yn Japan de iennige Nederlânske dielnimmer yn de A-groep. It sechde plak is foar de 26-jierige reedrydster har bêste prestaasje ea yn de wrâldbeker. Troch dizze klassearring klimt se yn it wrâldbekerklassemint oer de 3.000 en 5.000 meter nei it sânde plak.

Ploege-efterfolging manlju

De 19-jierige Harm Visser fan De Westereen makke yn Nagano op de ploege-efterfolging syn debút by de wrâldbeker foar senioaren. Hy ried mei junioaren Beau Snellink en Jordy van Workum nei it lêste plak. De Nederlanners wiene hast fyftjin sekonden stadiger as winner Ruslân.