Kik Pierie moat geduld ha by Ajax: "Je moet kijken naar het grote plaatje"

14 des 2019 - 14:13

By de wedstriid tusken SC Cambuur en Jong Ajax stie freedtejûn ien Ljouwerter op it fjild. Alhoewol, Ljouwerter... "Ik ben een Heerenveener die in Leeuwarden woont", sa seit Kik Pierie. As oanfierder fan Jong Ajax soarge hy derfoar dat Cambuur foar it earst nei fyftjin wedstriden wer ferlear.

LAC Frisia

Fan syn fjirde ôf wennet Pierie yn Ljouwert en as lyts fuotballerke begûn er syn karriêre by LAC Frisia yn de stêd. Dêrtroch kaam hy freed in soad bekenden tsjin. "Veel jongens ken ik nog van vroeger van mijn oude amateurclub. Hier bij de club werken sommige mensen die me vroeger training gaven bij LAC Frisia, dus het is leuk om die mensen weer te zien."

De 2-0 oerwinning op koprinner SC Cambuur joech Pierie in moai gefoel. "Zeker als je kijkt naar wat voor strijd we zitten in de competitie. De nummer één tegen nummer twee is een super mooi affiche en op deze manier winnen, vind ik vrij knap van ons team. Ik vond het een terechte overwinning, maar er zijn nog wel wat verbeterpunten."

Foto: Orange Pictures

Ik ben ervan overtuigd dat dit voor mij de goede stap is

Kik Pierie oer syn transfer nei Ajax

De ferdigener hat it goed nei syn sin yn Amsterdam, nettsjinsteande dat er syn wedstriden by Jong Ajax spilet en net by it earste. Dat is wol in ôffaller, mar neffens Pierie is dat net sa slim as eltsenien tinkt. "Je moet kijken naar het grote plaatje en naar de lange termijn. Ik ben ervan overtuigd dat dit voor mij de goede stap is. Ik merk dat ik beter word en daar gaat het mij vooral om." Freedtejûn wie Pierie oanfierder fan de beloften fan Ajax. Hy heart by de âlderen yn dy ploech.

SC Hearrenfean

Pierie folget syn âlde klup ek noch op de foet. "Zeker, via social media krijg ik vrij veel mee. Ze doen het goed dit jaar", sjocht de njoggentjinjierrige fuotballer, dy't mear as sechtich wedstriden spile yn it earste fan SC Hearrenfean. Hy fynt it moai dat Johnny Jansen it as trainer sa goed docht: "Ik ken vrij veel jongens nog en Johnny Jansen heb ik heel veel aan gehad. Die heeft mij de overstap van de jeugd naar het eerste laten maken. Ik wist altijd dat het een goede trainer was, dus dat ze het nu zo goed doen, dat is voor mij niet zo gek."

(advertinsje)
(advertinsje)