Bewenners bepale mei: wat moat der oars yn it Waadgebiet?

14 des 2019 - 11:25

Bewenners en besikers fan it Waadgebiet kinne fan sneon ôf meiprate oer wat sy fine dat der oars moat yn it Waadgebiet. Op Wadziejij.nl kinne se oanjaan hokker objekten of ûntwikkelings neffens harren net mear yn it gebiet passe. Dêrby giet it bygelyks om braaklân, âlde of leechsteande gebouwen en boarplatfoarmen.

Hotel 't Punthoofd op Skylge as foarbyld - Foto: Programma naar een Rijke Waddenzee

It projekt is in inisjatyf fan Programma naar een Rijke Waddenzee (PRW). Gebieten dy't beneamd wurde ta wrâlderfgoed moatte foldwaan oan bepaalde wearden. It PRW set him yn foar it behâld, ûntwikkeljen en fersterkjen fan dy wearden. It siket antwurd op de fraach hokker ûntwikkelings en objekten út it ferline op de lange termyn net mear passe yn it Waadgebiet.

"Wij vragen mensen om mee te denken over welke objecten in het Waddengebied niet meer passen bij de kernwaarden van het Werelderfgoed. Het is gebied waar we trots op zijn en we zijn ook dagelijks bezig om het gebied mooi te houden", leit projektlieder Rick Timmerman út. Guon saken binne yn it ferline taheakke oan it gebiet, mar hawwe no harren funksje ferlern of passe net mear yn it lânskip. "Over die objecten willen we met bewoners na gaan denken wat we daarmee gaan doen."

Om tafel

In bekend foarbyld fan sa'n objekt is it boarplatfoarm tusken Harns en Skylge. "Visueel is het geen pareltje voor de ogen", seit Timmerman. It is net de bedoeling dat de objekten fuortendaliks opromme wurde. Minsken hawwe twa moannen de tiid om in suggestje oan te dragen. Dêrnei wol PRW mei de minsken dy't stimd of nominearre hawwe om de tafel. "Dat doen we ook samen met professionals, zoals landschapsarchitecten en andere experts."

Rick Timmerman oer it projekt

De webside moat it makliker meitsje om de stim fan minsken dy't yn it gebiet wenje of ferbliuwe te hearren. "Het Programma naar een Rijke Waddenzee levert het resultaat daarna op aan de opdrachtgevers, om vervolgens te kijken wat we kunnen doen om daadwerkelijk tot actie over te gaan." Ein febrewaris sil PRW in kaart publisearje mei alle objekten dêr't minsken op stimd ha.

(advertinsje)
(advertinsje)