Kollum: "Busreiske Auschwitz"

14 des 2019 - 09:30

"It iepenbier ferfier is net echt myn ding. Ik tink dat in soad Friezen der krekt sa oer tinke, nettsjinsteande de ferwoeden ynspannings fan deputearre Johannes Kramer om mear minsken de bus yn te krijen. Wy Friezen hechtsje oan ús auto, omdat sa'n bus faaks net op de tiid dy't jo wolle op in bepaald plak komt. En by de measte Friezen is it no ienkear sa dat tiid tiid is. As je om njoggen oere earne wêze moatte, komme net om kertier oer njoggenen oanskiten omdat de bus der net earder wie.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

As jongbaas moast ik wol mei de bus, omdat ik noch gjin rydbewiis hie. Mei line 20 fan De Knipe nei Drachten, wat in optocht alle dagen. Twa oeren ferlerne tiid, sa beskôge ik it. Boppedat, en dat wie miskien noch wol it meast freeslike, ergere ik my kapot oan it gejeuzel yn sa'n bus. It wie noch yn de tiid dat der gjin mobile ferslavingstastellen op de merk wienen, dus wienen der in soad bern dy't lûd en drok mei elkoar praten.

Kom dêr no noch mar ris om, by de bushalten steane no allinnich noch bern mei in begjinnende nekhernia fan it skean nei ûnder op harren mobyl sjen. Mar dat is better as dat jeuzeljen eartiids yn de giele bus fan de Fram, want hast sûnder útsûndering gie dat nearne oer. Lokkich ferskynde aardich gau de walkman op de merk, dan koe ik myn Maxcell-kassettebantsjes draaie en wie frij fan it geëamel.

As jo ek net oer drok praten yn de bus kinne, wit ik noch wol in alternatyf. It is in eintsje reizgjen, mar garandearre dat je net folle hearre sille. Ferline wike freed siet ik foar it earst yn in hiele lange tiid wer ris in skoft yn in bus. Oardel oere hinne en oardel oere werom, om krekt te wêzen. De weromreis ha ik it net oer, mar wol oer de rit dy't om njoggen oere moarns begûn. Startplak wie Krakau, bestimming de konsintraasjekampen Auschwitz en Auchswitz-Birkenau. De reisbegelieder fertelde dat we op de hinnereis nei in film sjen soenen. Fan it earste momint dat dy begûn te draaien, ha ik eins net ien mear in wurd sizzen heard yn de grôtfolle bus.

Yn byld kaam in âldere man, it wie in Rus. Hy fertelde dat hy yn de oarloch yn tsjinst wie by it Reade Leger. Mei in bysûndere opdracht. Hy moast as kameraman by de befrijing fan beide konsintraasjekampen filmje wat se dêr oantroffen. It relaas fan dizze Russyske soldaat waard ôfwiksele mei de bylden dy't hy dêr makke hie. No ha jim grif wol in idee fan wat dêr op te sjen wie. De grouwélichheden dy't eins mei gjin pinne te beskriuwen binne.

De skaal wêrop't yn Auschwitz-Birkenau minsken fermoarde waarden. Op in 'normale' dei jagen de nazi's dêr 8.000 minken de gaskeamer yn. Alle dagen wer. By de befrijing wienen al dy nammeleazen fuort, ferbaarnd, kremearre of bedobbe yn massagrêven. Inkeld de útrûpele slaven dy't noch krekt net deahongere wienen, waarden troch de Russyske kameraman fêstlein. Hy fertelde dat hy nea earder soks sjoen, meimakke of filme hie. De kamera fan dizze gewoane tsjinstplichtige man soarge foar in deadske stilte yn de bus fan, hoe iroanysk, Dútske makkelij. Op alle krúspunten dêr't wer foarbykamen, stienen plysjeweinen mei blauwe swaailjochten. It die bliken dat op deselde dei dat wy dêr wienen, de Dútske Bûnskânselier Angela Merkel ek in besite oan Auschwitz bringe soe.

Wy binne alle jierren op 4 maaie twa minuten stil. Nei dizze busreis yn it suden fan Poalen wit ik opnij hiel goed wêrom't we dat dogge."

(advertinsje)
(advertinsje)