Omrop TIP: De Oerfal - 75 jier

14 des 2019 - 08:08

By de oerfal op de Blokhûspoarte op 8 desimber 1944 waarden 51 minsken befrijd. Hessel de Walle skreau dêroer it boek 'De mannen van de Overval. Heroïek en tragiek in 26 levensverhalen'. Fryslân DOK makke in film oer de oare kant fan de Oerfal.

Ut de libbensferhalen fan de oerfallers docht bliken dat de oerfal tige goed taret wie en sûnder geweld ferrûn. Dochs betellen guon dielnimmers in hege priis foar harren fierdere rol yn it ferset, seit De Walle. In protte oare aksjes fan dizze mannen út de knokploegen wiene lang net sa suksesfol en absolút net geweldleas.

It ferset brocht twa Joadske ûnderdûkers om it libben, ek oare minsken waarden deasketten. Der wiene grouwélige represailles fan de Dútsers. Yn jannewaris 1945 fusillearren de Dútsers tweintich minsken by Dokkum. Yn april 1945, flak foar de ein fan de oarloch, wie de eksekúsje fan fjirtjin minsken by Dronryp.

Morele dilemma's

De Fryslân DOK is makke troch Annet Huisman. Sy ynterviewt skriuwer Hessel de Walle. "De oerfallers hawwe de oantinkens en morele dilemma's harren hiele libben meidroegen", fertelt hy. "Fan posttraumatyske stress hie noch net ien heard, mar guon koene de nachtmerjes mar kwealik te boppe komme."

Dochs is Hessel de Walle yn syn konklúzje fan it boek posityf. It opkommen foar rjochtfeardichheid en de risiko's dy't de mannen naam hawwe foar de frijheid, makken dizze karren mear as wurdich.

23 fan de 26 oerfallers op de Blokhûspoarte, 8 desimber 1944 - Foto: Omrop Fryslân

Eardere films

Der is in protte skreaun oer de oerfal fan 8 desimber 1944, mar it ferhaal sit foaral yn ús kollektyf ûnthâld troch de swart-wytfilm út 1962. Fryslân DOK makke der al twa kear in dokumintêre oer. De earste nei oanlieding fan it op 'e nij útbringen fan de film, de twadde oer it iepenloftstik yn 2013.

Fryslân DOK 'De Oerfal, 75 jier' is te sjen op sneon 14 desimber 15.30 oere op NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). Omrop Fryslân stjoert de Fryslân DOK út op 15 desimber om 17.00 oere (alle oeren werhelle).

(advertinsje)
(advertinsje)