Details moatte better by SC Hearrenfean, seit trainer Johnny Jansen

14 des 2019 - 00:38

It fuotbaljen giet prima, mar no giet it om de puntsjes op de i. Dat wie de konklúzje fan trainer Johnny Jansen en syn spilers nei't SC Hearrenfean thús ferlear fan Willem II (1-2). "We hadden de tweede helft heel goed onder controle, maar we creëren nét iets te weinig."

Neffens Jansen spile syn ploech dus goed, dêrom fynt er dat der mear yn sitten hie tsjin de nije nûmer trije fan de earedifyzje. "Dit had zeker niet gehoeven. Het voelt ook niet goed. We balen enorm. Het is heel rustig in de kleedkamer."

Dochs sjocht er ek positive punten: "Het gaat steeds meer om de details. Dat is eigenlijk een goede ontwikkeling, want de grote lijnen staan goed."

Soms moet je leren om een bal weg te schieten.

Johnny Jansen oer de 1-2

Minpunt is dat Hearrenfean freed eins twa goals fuortjoech. En dat wylst Hearrenfean dit seizoen oer it algemien definsyf goed stiet. "Tuurlijk geven we ze cadeau", seit Jansen. Oer de 1-2: "Sven Botman speelt Sherel Floranus in. Dat moet-ie niet doen. En Sherel moet niet willen doorvoetballen. Dat is soms een beetje naïef. Even daarvoor kwamen er voetballend wel een keer uit, maar dat was ook al penibel. Soms moet je leren om een bal weg te schieten."

Kongolo: leaver winne as skoare

Rodney Kongolo brocht Hearrenfean healwei de earste helte op likense hichte, mar it wie net genôch foar in goed resultaat. "Het is lekker om te scoren, maar het is nog beter om die overwinning binnen te halen."

De middenfjilder, dy't in wike lyn ek al skoarde, baalt fan de tsjingoals. "We hebben twee kansen weggegeven, waaruit ze twee keer hebben gescoord. En zelf hebben we te weinig echte kansen gecreëerd. Dat moet beter."

Dochs spile Hearrenfean goed, fynt Kongolo. "We balen, omdat we niet hebben gewonnen. Maar we waren wel goed aan het voetballen, sommige wedstrijden ging dat minder. Nu gaat het om de puntjes op de i. We hebben op zich goed gevoetbald, maar we moeten meer kansen creëren. Dus ik heb mixed feelings."

Stabile ferdigener Botman de mist yn

Sven Botman is al hast it hiele seizoen in stabile faktor yn de Feanster ferdigening. No gong de hierling fan Ajax de mist yn by de iepeningstreffer. "Ik wilde de bal onderscheppen, want ik zag dat-ie 'm wilde verlengen. De bal schoot omhoog." Doe wie Willem II-spits Pavlides derfan troch. "Hij nam 'm slim mee en dan ligt-ie erin."

"We hadden een mooie stap kunnen maken, dus dit is jammer." By winst hie Hearrenfean it fjirde plak yn de earedifyzje oernommen fan Willem II. No rinne de 'tricolores' trije punten út. "De eerste helft ligt het geluk een beetje aan hun zijde", fynt Botman. "Dat dwingen ze ook wel af met bepaalde duels die ze winnen. We maakten slordige fouten. Het had niet gehoeven."

Nei syn flater by de 0-1 wie Botman wol wichtich by de lykmakker fan Kongolo. Botman lei de bal klear foar syn ploechgenoat. "Het is inderdaad een kracht van mij. Ik ben gevaarlijk bij dat soort momenten. Je maakt het foutje niet expres, dus dan wil je er alles aan doen om ervoor te zorgen dat mensen niet meer daarover praten, maar over je assist. Maar nu verloren we toch, dus praten we over dat foutje."

Overmars op de tribune foar Botman?

Marc Overmars siet op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion. De direkteur fuotbalsaken fan Ajax hat nei alle gedachten goed op Botman let. "Ik ben nog steeds eigendom van Ajax natuurlijk", seit er. "Elke wedstrijd is er volgens mij wel iemand om te kijken. We zullen aan het eind van het seizoen zien hoe Ajax ervoor staat en hoe ik ervoor sta." Yn prinsipe bliuwt Botman oant de ein fan it seizoen by Hearrenfean.

"Ik speel nu alles en het gaat op zich best goed", seit er. "Deze verhuurperiode is voor mezelf, om ook bij Ajax in de picture te komen." Syn doel is om nei dit seizoen werom te kommen by Ajax.

(advertinsje)
(advertinsje)