Henk de Jong: "De hiele kop wie iepen, dat is gewoan in penalty"

13 des 2019 - 23:45

Sportklup Cambuur gie freedtejûn mei 2-0 ûnderút tsjin Jong Ajax. De Ljouwerters wiene thús net de mindere, mar de Amsterdammers wiene effektyf mei de kânsen. Momint fan de wedstriid wie in foet dy't Jamie Jacobs tsjin de holle krige, mar dêr waard net foar fluite. "De hiele kop wie iepen", seit Henk de Jong. "Dat is gewoan in penal."

Dat momint wie flak foar it skoft. De Jong wie nei ôfrin wer rêstich, mar liet him ûnder de wedstriid hearre tsjin de arbitraazje. "Ik fyn dat wy in strafskop ha moasten. Dat kinne je net gebeure litte. Mar de skiedsrjochter hie it net sjoen."

Op dat stuit stie it al 0-1. "We begûnen bêst goed. Sy krigen ien kâns, dy gong der direkt yn. As we foar dat momint mei Jacobs in strafskop krije, dan wurdt it miskien gelyk. Ik wol net sizze dat we dêrtroch ferlern ha, mar it binne wol beslissende mominten. Krijst wol de wyn yn de silen, ast dan skoarst."

Jamie Jacobs mei holwûne - Foto: Orange Pictures

It liket derop dat Jacobs der wol even út leit, seit De Jong. "Hy fuotballet earst net wer. Spitich, want hy is ien fan ús sterkhâlders. Bale."

Dan oer de wedstriid: "Ik ha wol in wedstriid op heech nivo sjoen. Wy spylje ek mei druk nei foaren. Dan sjochst ek dat dy jonges goed fuotbalje kinne. En wy gongen ek echt goed om mei de druk fan Jong Ajax."

Yn it lêst naam Cambuur mear risiko troch mei fjouwer oanfallers te spyljen. "Dat doch ik oare kear wer, want je wolle mei gelok wat forsearje. Mar eins moatst gewoan troch fuotbalje. Want dan hast de measte kâns om in goal te meitsjen."

We moatte hjir net fan yn de war reitsje, want dan ha we pas echt in probleem.

Henk de Jong

It is it earste thúsferlies fan it seizoen foar Cambuur, dat al moannen net mear ferlern hie. "We moatte hjir net fan yn de war reitsje, want dan ha we pas echt in probleem. No moatte we de boel oplaapje foar Feyenoord, takom tongersdei. Direkt dêrnei spylje we út tsjin Excelsior. Dat is pittich, mar ek moai."

Mac-Intosch: "Meer beweging en creativiteit nodig"

"We hebben goed gespeeld, maar terecht verloren", wie de konklúzje fan ferdigener Calvin Mac-Intosch nei ôfrin. Neffens Mac-Intosch kreëarren de Ljouwerters net genôch. "Van achteruit speelden we wel goed. We kwamen er wel doorheen, want Jong Ajax wist niet hoe ze druk moesten zetten. Maar daarna moet er meer beweging en creativiteit zijn."

Oer it momint tusken Jacobs en Pierie yn it strafskopgebiet, dêr't skiedsrjochter Van der Eijk net foar fluite. "We voelen ons niet bestolen, maar het is wel duidelijk dat-ie geraakt werd. Daar hadden we 1-1 kunnen maken."

Mac-Intosch hâldt fertrouwen yn de rest fan it seizoen: "Jong Ajax is gewoon een goede ploeg, dus het is geen schande dat we verliezen. Als we dit de rest van het seizoen ook kunnen brengen, dan komt het wel goed. Koppie omhoog."

(advertinsje)
(advertinsje)