Drachtster Boys bliuwt boppe-yn earedifyzje sealfuotbal nei winst

Yn de striid tusken de nûmer 4 en de nûmer 5 fan de Earedifyzje sealfuotbal foar froulju hat Drachtster Boys mei 4-1 wûn fan Den Haag. By it skoft wie it noch 1-1, dêrnei namen de froulju út Drachten ôfstân.
Drachtster Boys, stipe troch ien supporter, kaam al betiid op efterstân: Romy Scherpenzeel skeat in frije traap raak. De thúsploech krige mear kânsen, mar stadichoan waard Drachtster Boys sterker. In pear minuten foar it skoft makke Jessie Prijs de lykmakker op oanjaan fan Lisanne Kempe.
Yn de twadde helte hie Kempe opnij wer in assist: no skeat Simone Hofer raak by de twadde peal. Yn de slotfaze rekke Den Haag noch wol in kear de peal. Dêrnei besliste Esther van Toledo de wedstriid. Sy skoarde twa kear yn de lêste fiif minuten.

21 punten út 10 wedstriden

Drachtster Boys hat út de tsien wedstriden foar de winterstop 21 punten pakt. Op 17 jannewaris giet de kompetysje fierder foar de Drachtsters, mei in thúswedstriid tsjin Alkmaar.