Cambuur ferliest topper fan Jong Ajax

13 des 2019 - 21:54

Sportklup Cambuur hat de topper tsjin Jong Ajax mei 2-0 ferlern. Yn Ljouwert wie de thúsploech dominant, mar de Amsterdammers hiene de ferdigening goed stean. Nettsjinsteande de nederlaach bliuwt Cambuur koprinner yn de earste difyzje.

Foto: Orange Pictures

By Jong Ajax stiene der in pear opfallende nammen oan de ôftraap. Sa stie âld-Hearrenfeanspiler Kik Pierie by de Amsterdammers yn de ferdigening en Sontje Hansen stie yn de spits. Hansen wie dit jier de topskoarder op it wrâldkampioenskip foar spilers ûnder 17 en wurdt sjoen as ien fan de grutste talinten fan Ajax.

Cambuur is better, Ajax skoart

De earste grutte kâns wie nei santjin minuten foar Cambuur. Oanfaller Issa Kallon seach dat syn skot oanrekke waard troch ferdigener Timber, wêrtroch de bal krekt njonken de goal gie. Nei in lyts heal oere krige Jamie Jacobs in grutte kâns, mar keeper Kjell Scherpen fan Ajax stie goed te plak.

Oan de oare kant hie Ajax ien kâns nedich om ta te slaan. Brian Brobbey sette de Amsterdammers nei in heal oere op foarsprong, doe't hy allinnich foar keeper Sonny Stevens kaam. Cambuur wie it dêrnei efkes kwyt. Trije minuten letter kaam ek Jurgen Ekkelenkamp allinnich foar Stevens, mar dizze kear hie de keeper fan Cambuur in goede rêding yn hûs. Ek twa minuten letter koe Ekkelenkamp de bal net foarby Stevens krije, doe't de keeper opnij rêding bringe koe.

Sân minuten foar it skoft woe it publyk yn Ljouwert in strafskop foar de thúsploech. Troch gefaarlik spul fan Kik Pierie waard Jamie Jacobs oan syn holle rekke. De blêdzjende holwûne fan de middenfjilder wie genôch bewiis, mar skiedsrjochter Van der Eijk woe der net oan. Jacobs koe net fierder en moast wiksele wurde foar Stanley Akoy.

Foto: Orange Pictures

De earste grutte kâns fan de twadde helte wie foar de besikers. Brian Brobbey koe syn twadde doelpunt krekt net meitsje doe't syn skot njonken de goal fan Stevens gie.

Jong Ajax hâldt stân yn Ljouwert

Cambuur gie dêrnei op syk nei de lykmakker. Der wiene lytse kânsen foar benammen Maulun en Mühren, mar it slagge de Ljouwerters net om in doelpunt te meitsjen. Ek in skot fan Akoy waard pakt troch keeper Kjell Scherpen. Oanfaller Antonia moast him wikselje litte, nei't er ferskate kearen in skop tsjin it ankel krigen hie.

De ploech fan trainer Henk de Jong besocht út alle macht in gat te finen yn de ferdigening fan Ajax, mar slagge dêr net yn. Ek Mees Hoedemakers, dy't ferline wike noch in doelpunt makke tsjin FC Dordrecht, seach syn skot njonken de goal gean. Wol hie Jong Ajax hieltyd mear muoite mei it spul fan Cambuur. Van Gelderen as Eiting krigen in giele kaart nei in hurde oertrêding.

Hansen makket it ôf

Mei noch tsien minuten te gean helle Henk de Jong ferdigener Erik Schouten derút foar oanfaller Ladan. Dy krige in goeie kâns op de lykmakker nei in pass fan Paulissen, mar de ynfaller krige syn foet krekt net tsjin de bal. Oan de oare kant fan it fjild makke Jong Ajax der, nei in rappe counter, 2-0 fan troch Sontje Hansen.

Nettsjinsteande de nederlaach is Cambuur noch altyd koprinner yn de earste difyzje. Jong Ajax is de earste achterfolger op trije punten efterstân. Yn Volendam wûn Volendam fan MVV en dêrmei pakte de ploech fan assistint-trainer Sipke Hulshoff de titel yn de twadde perioade.

SC Cambuur - Jong Ajax: 0-2 (0-1) 30. Brian Brobbey 0-1, 82. Sontje Hansen 0-2

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten (78/Ladan), Sambissa; Jacobs (42/Akoy), Hoedemakers, Maulun; Antonia (63/Paulissen), Mühren, Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)