Hearrenfean ferliest striid yn subtop: Willem II profitearret optimaal fan flaters

Sportklup Hearrenfean hat freed yn eigen hûs ferlern fan direkte konkurrint Willem II: it waard 2-1 foar de ploech út Tilburg. Alle goals yn it duel tusken de nûmers 4 en 5 fan de earedifyzje foelen yn de earste helte. Hearrenfean wie in grut diel fan de wedstriid sterker, mar kaam nei de 1-2 net mear ta skoaren.
Teloarstelling by SC Hearrenfean © www.orange-pictures.nl
De earste grutte kâns wie al nei in minút spyljen foar de besikers. Ché Nunnely fersnelde op rjochts en joech in perfekte foarset op spits Vangelis Pavlidis. Dy kopte foardel.
In pear minuten letter wie de Gryk skerper foar de goal, al krige er dêrby wol wat help fan de Friezen. Hearrenfean-ferdigener Sven Botma ferwurke in lange bal fan Sebastian Holmén net goed. Pavlidis pikte de bal op, omspile Ibrahim Dresevic en skeat dêrnei binnen mei links: 0-1.

Hearrenfean sterker

Dêrnei waard de ploech fan Johnny Jansen sterker. It earste kânske wie foar Mitchell van Bergen. Hy kaam yn it strafskopgebiet fan Willem II yn balbesit, mar skeat út de draai njonken. Odgaard wie in minút letter tichter by: op oanjaan fan Chidera Ejuke skeat er, mar fia de fuotten fan doelman Timon Wellenreuther einige de bal tsjin de peal.
Yn de 22e minút foel de terjochte lykmakker dochs. Fanôf de rjochterkant sette Hicham Faik foar mei syn linkerfoet. Botman lei de bal mei de holle breed op Rodney Kongolo, dy't foar de twadde wike op rige skoarde.
Wellenreuther dus in kear passearre, mar fierder spile de keeper fan Willem II in hiel bêste wedstriid. Tsien minuten foar it skoft like Van Bergen op wei nei de foarsprong foar Hearrenfean, nei in knappe pass fan Ricardo van Rhijn. Mar Wellenreuther griep twa kear goed yn.

Wer flater definsje Hearrenfean

Nettsjinsteande de sterke faze fan Hearrenfean foel de goal oan de oare kant. Dêrby krige Willem II opnij de help fan in ferdigener fan Hearrenfean. Diskear wie it Sherel Floranus dy't fanôf de linkerkant de bal smar yn de fuotten fan Mike Trésor Ndayishimiye skode. Dy skeat de bal dêrnei hiel hurd yn de krusing: 1-2 foar Willem II.

Kânsen foar Hearrenfean, mar gjin goals

Nei it skoft wiene hast alle kânsen noch hieltyd foar Hearrenfean. Odgaard besocht it út in drege hoeke, mar wer lei Wellenreuther yn it paad. Nei in oere spyljen besocht de spits it út sawat deselde hoeke: diskear bûten it berik fan de doelman, mar de bal gong foardel.
Ek Veerman, dy't noch hieltyd wachtet op syn earste goal foar Hearrenfean, wie ticht by in treffer. Syn ôfstânsskot gong minder as in meter njonken de goal. De bal woe der mar net yn by de Friezen.
Noch tichter by wie de spits fan Willem II: Pavlidis skeat fan de râne fan it strafskopgebiet hurd op de peal.
It is foar it earst dat Hearrenfean dit seizoen ferliest yn it eigen stadion. De Friezen wiene de iennige ploech dy't thús noch net ferlern hie. Willem II klimt troch de winst nei it tredde plak.
SC Hearrenfean - Willem II 1-2 (1-2) 9. Vangelis Pavlidis 0-1, 22. Rodney Kongolo 1-1, 42. Mike Trésor Ndayishimiye 1-2
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus (83/Woudenberg); Veerman, Faik (69/Halilovic), Kongolo; Van Bergen, Odgaard, Ejuke (78/Dreyer)