It Fryske Gea fiert jubileum mei natuerfoto's en tentoanstelling

13 des 2019 - 21:22

It Fryske Gea fiert yn 2020 it jubileumjier mei in fotowedstriid. Se freegje besikers om de moaiste mominten fan de fjouwer seizoenen te dielen. Oan de ein fan 2020 wurde de moaiste foto's útsocht. Dy binne dan te sjen op in tentoanstelling.

Natuergebiet It Mandefjild by Bakkefean yn de winter - Foto: Dico de Klein

Minsken kinne foto's sels op de webside fan It Fryske Gea sette. In faksjuery selektearret alle seizoenen de bêste foto's. Dêrnei kin it publyk stimme op de nûmers ien, twa en trije.

It Fryske Gea fiert de njoggentichste jierdei op 22 febrewaris. De feriening waard yn 1930 oprjochte omdat de Fryske natuer bedrige waard troch allegear ûntginningen. It ferskaat fan de Fryske natuer moast beskerme wurde, wie it idee. It Fryske Gea beheart goed 60 natuerreservaten en hat sa'n 36.000 leden.

(advertinsje)
(advertinsje)