Nije hûzen yn De Harkema, mar partijen net bliid mei leechbou

13 des 2019 - 20:59

De gemeenteried fan Achtkarspelen is it iens oer de bebouwing fan it âlde tenniskompleks en it plak fan de âlde gymseal yn De Harkema. Net alle partijen wiene der lykwols bliid mei dat dy lokaasjes no ynfolle wurde mei leechbou.

De âlde gymseal yn De Harkema - Foto: Google Street View

Op de grûnen oan de Nijebuorren en de Nijkamp komme hûzen mei hofkes en twa twa-ûnder-ien-kapwenningen. Ferskate riedsfraksjes hiene folle leaver apparteminten mei twa boulagen sjoen. Dat hat it Pleatslik Belang Harkema ek altyd wold, neffens de partijen. Uteinlik stimden wol alle partijen yn mei it bestimmingsplan. "Wy stimme foar dit foarstel, mar wy binne der net gelokkich mei", sei Frans Hoekstra fan Gemeentebelangen Achtkarspelen, sels wenjend yn De Harkema.

Untwikkelder Stichting Woningbouw Achtkarspelen (SWA), dy't eigener is fan de stikken grûn, wol lykwols gjin heechbou delsette yn De Harkema. Se wolle allinnich gebouwen mei in lift bouwe yn Bûtenpost en Surhústerfean, de twa gruttere doarpen yn de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)