Ferkearswike yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Dongeradiel kinne har miening jaan oer it ferkearsbelied yn de gemeente. Dongeradiel organisearret de kommende dagen in spesjale wike fan it ferkear. Minsken kinne op it gemeentehûs har op- en oanmerkingen kwyt oer bygelyks betelle parkearen, parkeare yn de binnenstêd en de berikberheid fan parkearterreinen.
Dat kin op in ynrinmerk, mar ek op spesjale temabyienkomsten, moandei- en tongersdeitejûn. De gemeente ferwurket de útkomsten yn it nije ferkearsplan.