Boeren mei emigraasjeplannen? "Kies foar in nichemerk", seit Jan út Alabama

13 des 2019 - 20:31

Mear en mear boeren tinke deroer nei om te ferhúzjen nei it bûtenlân. Yn in protte gefallen is de stikstofproblematyk de oanlieding. Ferdinand Boersma advisearret se: "It begûn al mei de fosfaatrjochten en no binne der wer mear boeren dy't ynteressearre binne."

Jan de Jong buorket yn Alabama - Foto: Jan en Rinske de Jong

Boeren ha har nocht, neffens Boersma. "De stikstof is de oarsaak, mar der binne ek oare dingen. Tink oan finansjele saken: de grûnprizen binne heger wurden."

Wêr geane se dan hinne? Boersma wit it: "Der wie altyd in protte belangstelling foar Denemarken. Sûnt in pear jier geane in protte boeren nei Dútslân, en op it stuit nei Frankryk." Foar dat lêste hat er gjin ferklearring. "Sis it mar. De grûnprizen binne der wol folle leger as hjir."

Oare problematyk yn Kanada en Amearika

Der is noch in kategory, de kategory dy't de oseaan oergeane: Kanada en Amearika dus. "Bliuwst yn Europa, dan hâldst de EU-regels. Yn Kanada en Amearika is dat oer it algemien wat frijer, mar dêr hast wer oare problematyk. Sa is Kanada hiel djoer, dêr hast wol wat fermogen foar nedich."

Wolle je as boer nei Amearika, dan is it no in goede tiid, neffens Boersma. "Se ha dêr in hiel lege molkepriis hân. Der binne wat bedriuwen dy't it finansjeel dreech ha. De molkepriis giet de goede kant op en de grûnpriis is dêr omleech gong. As je ynstappe, moatte je yn in drege tiid ynstappe. Dan ha je in foarsprong as it letter better giet."

Adviseur Ferdinand Boersma

Net maklik

Ien fan de boerefamyljes dy't in skoft lyn al nei Amearika gong, bestiet út Jan en Rinske de Jong. Sy sitte yn Slocomb, Alabama. "Myn frou en ik binne wat troch de achterdoar gong", fertelt Jan de Jong. "Dat wie yn 1984. We hiene 5.000 dollar sparre, sa binne we nei Amearika gong."

Jan en Rinske de Jong buorkje yn Alabama - Foto: Jan en Rinske de Jong

Maklik wie it net, seit er: "We binne hielendal ûnderoan begûn. Earst yn Florida by in oare boer. Dy syn kij molken we. Letter binne we ferhuze nei in plak dêr flakby. Dat ha we opboud nei 200 kij. En doe nei Slocomb yn Alabama."

Wolle je hjirhinne, dan moatst kieze foar in nichemerk.

Jan de Jong

Dêr ha Jan en Rinske in skoft in hiel grut bedriuw hân. "We hiene minstens 900 kij dy't we molken en 16 minsken oan it wurk. Mar it iennichste wat je diene is de dollarbriefkes omdraaie, Se gongen like hurd de doar wer út. Letter ha we derfoar keazen om biologysk te buorkjen." Soks riedt er ek oare boeren oan: "Wolle je hjirhinne, dan moatst kieze foar in nichemerk."

Hert leit yn Fryslân

Werom nei Fryslân sjocht er net sitten. "My hert leit yn wol Fryslân, mar ik soe der net mear libje kinne, mei al dy regeltsjes. It hat ús it hiele libben koste om dizze goede formule te finen yn Amearika." Wol hopet er op termyn ien te finen dy't syn bedriuw oernimme wol. "Ik bin al 61 jier. Dus as der noch in Nederlanner ferlet fan hat, dan kinne we ús bedriuw oerdrage."

Boer Jan de Jong út Alabama

(advertinsje)
(advertinsje)