Stalker út Wâldsein mei Wytmarsum net mear yn

In man út Wâldsein mei fan de rjochter trije jier net yn de beboude kom fan Wytmarsum komme. Alle kearen dat er der wol komt, giet er twa wike de sel yn.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Hy krijt de straf, omdat er syn eks-freondinne stalkt hat. Hy stjoerde har appkes en mailtsjes, en achterfolge har ek. De frou hat der in skoftsje om ûnderdûkt sitten.
De man is al faker feroardiele foar stalking, en ek foar mishanneling fan syn eks-freondinne. Njonken it gebietsferbod krige de man ek in wurkstraf fan 120 oeren.