De twa gesichten fan de tram: hoe't Joadske bern nei Fryslân ûntsnappe koene
It each falt daalks op de muorre mei 104.000 nammen as jo de Hollandsche Schouwburg yn Amsterdam ynrinne. De muorre symbolisearret it oantinken oan de Nederlânske Joaden dy't fermoarde binne troch de nazi's. Der binne 46.000 by elkoar dreaun yn de skouboarch om dêrwei ôffierd te wurden nei konsintraasjekampen. Harren bern waarden opfongen yn de kresj tsjinoer de skouboarch. In part dêrfan koe ûntkomme en 210 fan dizze bern krigen in ûnderdûkplak yn Fryslân.
In systeem om de bern te rêden
De Hollandsche Schouwburg is no omboud ta museum. De âlde seal is der net mear. Wat oerbleaun is, is no in monumint. Rigen mei banken en oan de ein in pylder. Eartiids yn de oarloch doe't it dak der noch op siet stiene der 800 stuollen. Doe't de nazi's it brûkten as sammelplak fan Joaden dy't oppakt wiene by razzia's kaam it geregeld foar dat der folle mear minsken wienen. Sels in kear 1.600, sa falt werom te lêzen yn in faktuer.
It haad fan de Joadske Ried, Walter Süskind, en Henriëtte Pimentel dy't de lieding hie oer de kresj setten in systeem op om de bern fuort te krijen. Der moast allinnich al tastimming komme fan de âlden. Trije jonge Joadske bernfersoargers mochten ek yn de skouboarch komme. Dêr sochten se kontakt mei âlden fan de bern dy't ûnderbrocht wiene yn de kresj.
De fraach dy't sy stelle moasten wie hurd: wolst dyn bern ûntsnappe litte, in kâns jaan op frijheid? "Een bijna onmogelijke vraag voor velen," sa seit Annemiek Gringold, konservator fan Sjoa/Hollandsche Schouwburg. "Dan beslis je dat je je kind gaat afstaan, aan een wildvreemde. Zonder afscheid te nemen en zonder te weten of je ze ooit terug gaat zien. Veel mensen deden dat dan ook niet." Lang net eltsenien stimde yn mei it fersyk.
Oer de ligusterhage
Eins wie de kresj ek neat oars as in finzenis foar bern. Se koene gjin kant út. Dochs wie der de mooglikheid om fia de tún út te naaien. Dy grinze oan it binnenplein fan de eardere Hervormde Kweekschool. Gringold: "Als de ouders toestemming hadden gegeven werd het kind over de ligusterhaag getild. De conciërge keek door het ruit van de zij-ingang of de trams er stonden en als de kust veilig was liep het kind aan de hand van een wildvreemde de deur uit."
Dat koe in pear kear deis. As de beide trams fan line 14 by de halte foar de doar stiene dan hiene de bewakers foar de Hollandsche Schouwburg gjin útsjoch op de kresj. De situaasje is no, yn 2019, noch krekt sa as yn 1942 en 1943. Ek no steane op guon mominten beide trams tagelyk stil en sjogge je net mear wat der oan de oare kant fan de strjitte bart.
It is krekt dat momint dat it ferset nedich hie om de bern út de skoalle te slûkjen en mei te nimmen nei de frijheid.
'Het verschil tussen leven en dood'
Annemiek Gringold is oandien as sy fraach krijt wat it plein efter de skoalle foar har betsjut: "Ze mochten geen Joodse kinderen meer zijn. Ze mochten wel leven maar moesten met een nieuwe identiteit verder. De kinderen die achterbleven waren Joods kinderen die uiteindelijk zijn gedeporteerd en vermoord. Deze plek is het verschil tussen leven en dood."
De skatting is dat sa'n 600 bern op dizze wize rêden binne. Dat waard dien troch fjouwer fersetsgroepen: de NV, het Utrechts Kinder Comité, de Trouw-groep en de Amsterdamse Studentengroep ûnder lieding fan Piet Meerburg. Dy lêste groep brocht de bern nei Fryslân.
De measten gienen mei it skip oer de Iselmar rjochting De Lemmer. Om dêr ûnder in oare namme te ferdwinen op it Fryske plattelân.
Inisjatyfnimmer Gerard van der Veer wol de Joadske bern byinoar bringe yn Fryslân, begjin maaie 2020. As sy noch libje, sille sy no tusken de 77 en 90 jier wêze. Van der Veer ropt dêrby de help yn fan de Friezen. By Omrop Fryslân ferskine de kommende moannen reportaazjes en yn de bylagen fan de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad wurde de ferhalen beskreaun. Op de webside www.joodsekinderen.nl wurde alle ferhalen byinoar brocht.
It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.