Bobslider Dennis Veenker krekt bûten top-tsien yn Winterberg

13 des 2019 - 16:43

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is yn it Dútske Winterberg alfde wurden. Tegearre mei piloat Ivo de Bruin waard Veenker fjirtjinde yn de earste run en tsiende yn de twadde run.

Foto: IBSF

De winst yn Winterberg gie nei Richard Oelsner en Henrik Bosse út Dútslân. Sy wiene yn beide runs de rapste. It Nederlânske duo einige op 1,23 sekonden achter de winner.

Ferline wike wie Veenker twa kear achtste by wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Altenburg. Dêr gie de winst ek nei Oelsner en Bosse.

(advertinsje)
(advertinsje)