Drankrider byt plysjeman en bedriget plysjefrou: acht wiken sel

In man út Sint-Jabik hat acht wiken sel krigen, omdat er in plysjeman yn de skonk biten hat en in plysjefrou bedrige hat.
In drankrider © Shutterstock.com
De plysje hie him oanhâlden omdat er mei drank op tsjin in beam riden wie. De man drige tsjin de plysjefrou dat er in fjoerwapen ophelje soe en har dan thús opsykje soe. Doe't de fertochte mei de ambulânse nei it sikehûs brocht waard, gie er troch it lint.
Doe't de plysje him meinimme soe nei it buro, biet er ien fan de plysjes yn de skonk.
De fertochte siet yn in proeftiid. Dêrom moat er boppe-op de acht wiken sel noch in moanne fan in straf ûnder betingst útsitte. Hy sit op dit stuit ek al fêst, fanwege stalking.