Roer fan histoarysk skûtsje Drachten is poater

It roer fan it histoaryske skûtsje Hendrika, op de rotonde by Drachten, is poater. It skûtsje waard inkelde moannen lyn pleatst op de rotonde, by de Noarderhegewei en Nijtap.
© De Vries Media
Mei it skip wol de gemeente Smellingerlân de Drachtster skûtsjehistoarje betinke. Neffens de gemeente giet it nei alle gedachten om in âldjiersstunt. Foar de wissichheid is der wol oanjefte dien fan stellerij.