Advokatekantoar út Ljouwert ferdigenet Farmers Defence Force

13 des 2019 - 16:04

Advokatekantoar Rotshuizen Geense út Ljouwert nimt de ferdigening op him fan de boere-aksjegroep Farmers Defence Force, by it koart pleit fan moandei. Dat hat it Centraal Bureau Levensmiddelen oanspand tsjin de boeren, omdat dy fan plan wêze soene distribúsjesintra te blokkearjen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Farmers Defence Force seit dat de aksjes fan de groep binnen de grinzen fan de wet bliuwe sille. De aksjegroep fynt it spitich dat it Centraal Bureau Levensmiddelen dêr net safolle fertrouwen yn hat.

It advokatekantoar Rotshuizen en Geense wol fierder neat sizze oer de rjochtsaak fan moandei. It debat heart thús yn de rjochtseal, seit it advokatekantoar.

(advertinsje)
(advertinsje)