Ald-meiwurkster gemeente Ljouwert skuldich oan belutsenheid by fraude

13 des 2019 - 15:31

In meiwurkster fan de gemeente Ljouwert is ûntslein, omdat se belutsen wie by útkearingsfraude. Freed stie se foar de rjochter foar de saak dy't trije jier lyn spile. De rjochter hat har skuldich befûn, mar gjin straf oplein.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man dy't by de 60-jierrige frou ynwenne krige in saneamde IOAW-útkearing, foar minsken dy't op âldere leeftiid wurkleas reitsje. Oan de sosjale tsjinst hie er trochjûn dat er allinnichsteande wie. Seis jier lang hie de man 80.000 euro krigen dêr't er gjin rjocht op hie.

De frou moast har freed ferantwurdzje, omdat se profitearre ha soe fan de útkearing fan de hierder. Op papier hierde de man, yntusken har eks-freon, in keamer foar 150 euro de moanne, mar neffens de bestjoersrjochter wennen de twa by elkoar en hiene se in mienskiplike húshâlding.

Neffens de frou sels profitearre se hielendal net fan de man syn útkearing. Har eks wie ferslave oan gokken, sei se, en al it útkearingsjild gong dêrhinne. De rjochter oardiele oars.

Omdat de saak grutte gefolgen hie, de frou waard ûntslein en se krige swiere diabetes troch de stress, ferklearre de rjochter har wol skuldich, mar lei er gjin straf op.

(advertinsje)
(advertinsje)