LDODK nimt it yn eigen hûs op tsjin 'angstgegner' PKC

13 des 2019 - 15:30

Yn de Wedstriid fan de Wike stiet dizze wike de topper yn de Kuorbal League tusken LDODK en PKC op it programma. Nei fiif duels stiet LDODK boppe-oan mei 10 punten, PKC út Papendrecht is de nûmer twa mei 9 punten. De winner fan dit duel is nei dit wykein dus de koprinner.

Friso Boode yn aksje foar LDODK - Foto: LDODK / Jurjen Smid

PKC komt mei in goed gefoel nei Fryslân ta. Yn de ôfrûne sân seizoenen ha de Papendrechters mar ien kear ferlern yn De Gordyk: yn 2014 waard it 23-17 foar LDODK. Twa kear kaam it ta in lykspul, en fiif kear (ynklusyf de play-offs yn 2019) gie de winst nei PKC.

Dochs sjocht LDODK-spiler Friso Boode mooglikheden om dizze kear de punten yn Fryslân te hâlden:

Friso Boode is twa meter lang en ferneamd om syn fanatike ynset. Hy genietet fan fysike duels en siket altyd de grins op om yn balbesit te kommen en te bliuwen. Hy heart by de bêste rebounders fan Nederlân. De measte spilers ha dan ek in hekel om tsjin him te spyljen. As spiler fan TOP út Sassenheim wûn Boode twa kear de nasjonale titel yn de seal.

Boode hâldt dermei op

LDODK'er Boode (31) hat oankundige dat dit syn lêste seizoen as topkuorballer is. De âld-spiler fan Nic. út Grins en TOP is dwaande mei syn fjirde seizoen by LDODK. Yn april ferwachtsje Boode en syn freondinne harren twadde berntsje, en nei trettjin jier Kuorbal League makket Boode dan mear tiid frij foar syn famylje. Hy hopet syn kuorbalkarriêre mei LDODK ôfslute te kinnen mei de sealfinale yn Ahoy op 4 april 2020.

Stân Kuorbal League 2019/2020 nei 5 wedstriden

Punten Foar - tsjin
1. LDODK 10 134 - 110
2. PKC (Papendrecht) 9 143 - 117
3. TOP (Sassenheim) 7 128 - 111
4. KZ (Koog aan de Zaan) 6 132 - 126
5. Fortuna (Delft) 5 118 - 118
6. DVO (Bennekom) 5 120 - 126
7. DOS'46 (Nijeveen) 3 107 - 108
8. Blauw-Wit (Amsterdam) 3 133 - 137
9. Groen Geel (Wormer) 2 120 - 139
10. Tempo (Alphen aan den Rijn) 0 92 - 135
(advertinsje)
(advertinsje)