Doeksen nimt maatregels fanwege heech wetter: auto's bliuwe oan board

Minsken dy't freedtejûn mei de boat nei Skylge gean, moatte rekken hâlde mei maatregels fanwege heech wetter. Dat seit rederij Doeksen. Auto's kinne net fan it skip ôf, dy moatte fannacht oan board bliuwe.
De Midsland © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Meiwurkers fan de rederij ride se der in dei letter ôf en sette se op it haventerrein.
Omdat de fuotgongersbrêge net brûkt wurde kin, moatte minsken oer in rinbrêge. Dy is net geskikt foar minsken dy't net of net goed rinne kinne en ek net foar berneweinen. Dizze passazjiers wurde yn oerlis omboekt nei in oare ôffeart, seit Doeksen.
Doeksen lit ek de boat fan sneontejûn 19.55 oere ferfalle.