Wettersteuring yn Dokkum en omkriten oplost

13 des 2019 - 14:40

Ynwenners fan Dokkum en omkriten hawwe de ôfrûne oeren sûnder wetter sitten. Troch twa spontane breuken yn transportliedingen wie der in lege wetterdruk yn it gebiet.

Foto: ANP

Behearder Vitens hat ien lieding yntusken tichtset en de oare is hast reparearre. Neffens Vitens soe elkenien yn Dokkum en omkriten no wol gewoan wer wetter ha moatte.

Trefwurden: 
wetter Dokkum Vitens
(advertinsje)
(advertinsje)