Publyk hat it foar it sizzen by stimmerij Fryske Popawards

De Fryske Popawards wurde dit jier op 20 desimber bekend makke yn in spesjale útstjoering fan IepenUp Live yn gearwurking mei Omrop Fryslân. It startskot foar it stimmen foar de Publykspriis is freed 13 desimber jûn yn it programma Noardewyn Live.
Publyk hat it foar it sizzen by stimmerij Fryske Popawards
Op www.omropfryslan.nl/popawards kin it publyk oant 20 desimber stimme op ien fan de tsien nominearren foar de Publykspriis.
De Fryske Popawards wurde organisearre troch Friesland Pop en waarden earder útrikt op it Freeze Festival. Dêr foel lykwols ferline jier it doek foar. Friesland Pop is bliid mei it nije poadium foar de awards. "Friesland Pop is tige wiis in nije gearwurkingspartner fûn te hawwen yn IepenUp/Omrop Fryslân. Benammen om't IepenUp de doelgroep berikt dy't Friesland Pop ek foar eagen hat," seit projektlieder Wiebe Kootstra.
De útrikking fan de Fryske Popawards 2019 wurdt op 20 desimber fan 20.00 oere ôf hâlden yn it kafee fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert en is live online te folgjen fia Omropfryslan.nl, de Omrop-app en de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.