Needgjalp fan Provinsje Fryslân oer tekoarten troch de jongereinsoarch

13 des 2019 - 13:54

Provinsje Fryslân hat it Ryk witte litten dat de tekoarten yn it sosjale domein in té grutte stimpel drukke op de gemeentebegruttingen. Neffens de provinsje moat der struktureel mear jild komme foar de jongereinsoarch.

Sander de Rouwe - Foto: Omrop Fryslân

Yn 2020 komme alle Fryske gemeenten ûnder it 'normale, repressive, finansjeel tafersjoch' om't sy jild dat sy ien jier krije fan it Ryk, foar mear jierren yn de begrutting opnimme mochten. Sûnder dizze regel wiene fiif Fryske gemeenten ûnder previntyf tafersjoch fan de provinsje kommen.

Yn in soad Nederlânske gemeenten is der in tekoart op de jongereinsoarch. De provinsjale tafersjochhâlders hawwe mei it Ryk ôfsprutsen dat gemeenten yn 2022-2023 in stelpost jongereinsoarch yn harren begrutting foar meardere jierren opnimme meie. Yn Fryslân hawwe 13 fan de 18 gemeenten dêr gebrûk fan makke.

Dúdlikens nedich

Deputearre Sander de Rouwe seit oer de kwestje: "It is noch mar de fraach oft it Ryk dit jild ek echt struktureel makket. Oerheden dy inoar serieus nimme rekkenjen net mei pseudo-pinningen. Wy freegje it Ryk noch by de maitiidsnota 2020 dúdlikens te jaan oer de finansjele middels foar de jongereinsoarch en in dúdlike, earlike kar te meitsjen. Jou dúdlikens, sadat gemeenten dit ek op tiid yn harren begrutting 2021 ferwurkje kinne."

11 gemeenten in tekoart

Alve fan de achttjin gemeenten yn Fryslân hawwe in tekoart presintearre yn de begrutting 2020. Fjirtjin gemeenten moatte besunigje om de begrutting slutend te krijen, en dat wurdt benammen binnen it sosjaal domein dien. Mar ek fia bygelyks it ferheegjen fan gemeentlike belestingen en heffingen, it net yndeksearjen fan budzjetten en it ôfstjitten fan guon taken dy't net wettich ferplichte binne.

Yntinsyf folge

Fjouwer gemeenten sille yntinsyf folge wurde, jout de provinsje oan: Ljouwert, Smellingerlân, Dantumadiel en Opsterlân. Mei dizze gemeenten wurdt bestjoerlik oerlis fierd.

(advertinsje)
(advertinsje)