Gaslek yn wente yn Surhústerfean troch oanlizzen glêsfezel

13 des 2019 - 13:35

Yn in wente oan de Burmaniastrjitte yn Surhústerfean is by it oanlizzen fan in glêsfezellieding in gaslek ûntstien. De lieding waard rekke yn in spoumuorre. It lek wie wol dusdanich grut dat de brânwacht mei in oerdrukfentilator de wenning leech besocht te heljen. Ek leine der meardere wetterstrielen klear.

Gaslek yn Surhústerfean - Foto: De Vries Media

It lekkende gas wie dúdlik te hearren op strjitte. De brânwachten fan Surhústerfean en Bûtenpost wiene tegearre mei de plysje by de wente. Netbehearder Stedin besocht it gas ôf te sluten. De strjitte wie ôfsletten mei in hek.

(advertinsje)
(advertinsje)