Freedsmerk: "Hamsterje?"

13 des 2019 - 13:07

Echt hamstere wurdt noch net op de Ljouwerter freedsmerk, mar: "Wa't oars ien hintsje keapet, nimt der no twa mei." De poelier bliuwt der lykwols nochteren ûnder: "As it op is, is 't op!" De mooglike boere-aksjes by distribúsjesintra fan supermerken, soene foar lege skappen soargje kinne, krekt op it momint dat de krystynkeapen dien wurde. Mar de measten sitte dêr al net bot oer yn.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Stipe en tsjinstân

"Wy hawwe noch genôch yn de friezer en foar de krystdagen haw ik al wat by de slachter besteld. Wy komme net om fan 'e honger." Der wie noch hieltyd brede stipe foar de boeren en harren aksjes: "De boeren worden genaaid en als consumenten moeten we daar respect voor hebben. Die paar dagen komen we wel door." De beantsje-man fertelde dat der iten genôch is: "Lit se mar by ús thús komme, direkt keapje by de produsint is foar elk better!"

Dochs wiene der ek krityske lûden: "De boeren moatte harren kredyt net op it spul sette" en "Se hawwe ek harren ferantwurdlikens foar it miljeu." Ien fan keapers suggerearre in tsjinaksje fan de supermerken: "Lit se mei har grutte frachtweinen de oprit fan it molkfabryk mar blokkearje. Dat is it gau dien."

'Oek lekker!'

De meast nochterene reaksje kaam fan in echte Ljouwerter: "Ik hè noch wel in blikje knakwusten. Oek lekker!"

Ferslachjouwer René Koster freget oft minsken ek benaud binne foar de aksje

(advertinsje)
(advertinsje)