Zoutsloter Krystmerk yn Harns giet alwér net troch: te min waar

Foar it twadde jier efter inoar kin de Zoutsloter Kerstmarkt yn Harns net troch gean. De waarsferwachting is lykas ferline jier, wer te min. De organisaasje hat freed oerlis hân mei waarman Piet Paulusma.
Zoutsloter Kerstmarkt © Zoutsloter Kerstmarkt
Foar sneon wurdt in wynkrêft sân mei útsjitters nei krêft acht of njoggen ferwachte. De organisaasje wol gjin risiko's nimme mei de feiligens fan hannelers, besikers en ynwenners fan Harns.

Al foar de twadde kear

De Zoutsloter Krystmerk lûkt alle jierren in soad minsken. It is in grutte krystmerk mei goed 150 stands en ferskate koaren en muzikanten. De merk hat faak te krijen mei min waar. Ferline jier moast de merk dus ek al ôfsein wurden, fjouwer jier lyn moasten se earder ophâlde.