Gjin riedsûndersyk nei finânsjes Tytsjerksteradiel

13 des 2019 - 11:31

Der komt gjin riedsûndersyk nei de finânsjes fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Dat waard tongersdeitejûn dúdlik nei de riedsgearkomste yn Burgum. De moasje, dy't yntsjinne waard troch GrienLinks, PvdA, VVD, D66 en de Partij voor de Boeren, helle it net mei trettjin stimmen tsjin en njoggen foar.

Brigitta Scheepsma fan GrienLinks - Foto: Omrop Fryslân

De opposysjepartijen woene witte hoe't it kin dat de gemeente yn in minne finansjele situaasje bedarre is. Mar ChristenUnie, CDA en FNP fine in riedsûndersyk te swier.

Ut riedsgearkomste stapt

De folsleine opposysje stapte wiken lyn út in riedsgearkomste fan Tytsjerksteradiel. De riedsleden koene har net fine yn de begrutting dy't opsteld waard troch it kolleezje. "De begroting is een doolhof", neffens Brigitta Scheepsma fan GrienLinks. "Het is onmogelijk om hiermee de controlerende taak uit te voeren."

De spanningen tusken de koälysje en opposysje yn Tytsjerksteradiel binne noch hieltyd net fuortnommen.

(advertinsje)
(advertinsje)