Michelle de Jong pakt goud mei de teamsprint yn Japan

13 des 2019 - 11:23

Michelle de Jong fan Rottum hat mei Dione Voskamp en Sanneke de Neeling in gouden medalje behelle op de teamsprint by de wrâldbekerwedstriden yn Japan. Sy koene Ruslân ferslaan mei 1.28,04 tsjin 1.29,10. It is de tredde kear dit seizoen dat de Nederlânske teamsprintsters goud pakke.

It ferskil mei de foarige kearen wie dat Jutta Leerdam en Letitia de Jong der net by wiene. Se jouwe de foarkar oan in trainingskamp om harren ta te rieden op it NK ôfstannen oer twa wiken. Dêrom riden no Voskamp en De Neeling, beiden rydsters fan it Gewest Fryslân, mei Michelle de Jong.

500 meter

It slagge de Nederlânske sprintsters net om op de 500 meter it poadium te beheljen. De Neeling wie noch de bêste mei 38,48 op in alfde plak. Voskamp einige op plak fiiftjin (38,73) en Michelle de Jong op plak njoggentjin (38,97).

Foto: Martin de Jong

Massastart

Freed waard yn Nagano ek de massastart ferriden. Dêrop koene de Fryske riders gjin potten brekke. Junior Harm Visser makke syn debút en einige yn de finale op it trettjinde plak. Marijke Groenewoud like har minge te kinnen yn de finale by de froulju, mar de Hallumse gie yn de lêste ronde ûnderút.

(advertinsje)
(advertinsje)