Jierliks 45.000 euro derby foar Fryske sporten: "Profesjoneler wurde"

Fierljeppen, keatsen en reedriden krije de kommende jierren finansjele stipe fan boubedriuw Dijkstra Draisma, ynvestearringsgroep FB Oranjewoud en de Rabobank. Alle trije sporten krije fiif jier lang rûchwei 45.000 euro yn it jier.
Fryske sporten krije stipe fan trije grutte sponsoaren
De trije partijen sille it keatsbûn KNKB, it Frysk Ljeppers Bûn (FLB) en de reedriders fan it Topteam fan it Gewest Fryslân sponserje. De oerienkomst is freed yn Ljouwert bekend makke.
FB Oranjewoud, Dijkstra Draisma en de Rabobank wiene al oan it gewest Fryslân ferbûn. Dy gearwurking wurdt no útwreide. FB Oranjewoud is as opfolger fan de Friesland Bank al ferskate jierren haadsponsor fan it keatsbûn. Rabobank en Dijkstra Draisma komme dêr no by. It fierljepbûn wurdt al jierren sponsere troch ûnderwiisynstelling ROC Friese Poort. Mar dat kontrakt rint dit jier ôf. FLB krijt mei de nije sponsoaren in flinke triuw yn 'e rêch.
It sponsorkontrakt © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Woartels yn mienskip en kultuer

Foarsitter Teije Dijk fan it Frysk Ljeppers Bûn: "Wy binne hjir hiel wiis mei, it is foar ús in ferbettering fan de finansjele posysje. Wy hawwe ambysjes en dêr kinne wy no mear mei dwaan. Wy binne ek wiis mei de trije sponsoaren, ik tink dat it hiel goed past om't wy allegearre ús woartels yn de Fryske mienskip en kultuer lizzen hawwe. Ek de kontakten om ta dizze oerienkomst te kommen wiene noflik."
© Omrop Fryslân
We wolle neigean hoe't wy it fierljeppen oantrekliker meitsje kinne foar it publyk.
Teije Dijk, foarsitter Frysk Ljeppers Bûn
Dijk jout oan ferskate punten ferbetterje te wollen by it fierljeppen. "Mar ek neigean hoe't wy it fierljeppen oantrekliker meitsje kinne foar it publyk. Wy wolle ús wat mear profilearje en it fierljeppen noch wat mear op de kaart sette. Trainingen moatte ferbetterje. It giet goed, mar it kin better."
It ljeppersbûn makket de grutste stap, om't sy it oant no ta mei in folle leger bedrach dwaan moasten. "Wy geane derop foarút en dêr binne wy wiis mei", seit Dijk.

Net bekonkurrearje

Biense Dijkstra fan Dijkstra Draisma: "Uteinlik hawwe wy as partners inoar fûn, wy moatte inoar net bekonkurrearje oer wa't hokker sport docht. Litte wy mei syn allen de Fryske sporten de mooglikheid jaan om foarút te kinnen. Wy hawwe no in mienskiplik belang. Wy wolle Fryslân better op de kaart sette, wy tinke dat wy sels al aardich op de kaart steane. En benammen de sporten stypje om profesjoneler te wurden."
Durk Mous fan de Rabobank follet oan: "Wy prate noch wolris mei-inoar en de saak kaam nei foaren om it tegearre te dwaan. As je mei syn allen dingen oanpakke, krije je in better resultaat."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer praat mei fertsjintwurdigers