Klaas Kikstra (100) krijt Gouden Trapper as âldste fytser yn gemeente Waadhoeke

13 des 2019 - 11:01

Klaas Kikstra fan Frjentsjer is útroppen ta de âldste fytser fan de gemeente Waadhoeke. Kikstra is 100 jier en fytst noch geregeld. Hy hat dêrom fan de gemeente en de Fietsersbond de Gouden Trapper krigen.

Fytspaad - Foto: Shutterstock.com

Kikstra is op syn hûndertste noch tige fitaal. Hy makket geregeld fytstochtjes fan Frjentsjer nei Menaam en Harns. Ek pakt hy faak de fyts nei swimbad Bloemketerp yn syn wenplak, dêr't hy plantsjes fersoarget. Syn geheim? "Net roke en net drinke", seit er.

De gemeente gie yn novimber op syk nei de âldste fytser fan Waadhoeke yn it ramt fan it projekt 'Doortrappen'. Dit is in lanlik programma foar gemeenten om senioaren te stimulearjen sa lang en sa feilich mooglik troch te gean mei it fytsen. Takom jier sille der noch mear aktiviteiten organisearre wurde, sa as fytstochten en workshops.

Wikselbokaal

De Gouden Trapper is in wikselbokaal dy't beskikber steld wurdt troch de provinsje en rûlearret tusken alle Fryske 'doortrap'-gemeenten. Yn febrewaris waard de 97-jierrige Gerrit Scheenstra fan It Hearrenfean útroppen ta de âldste noch aktive fytser fan Nederlân. Hy krige de Gouden Trapper doe út hannen fan ferkearsminister Cora van Nieuwenhuizen.

(advertinsje)
(advertinsje)