Nije nammen foar Welcome to the Village en Dokk'em Open Air bekend makke

Foar twa Fryske festivals binne der nammen bekend makke dy't op de line-up foar takom jier steane. Op Welcome to the Village steane ûnder oaren Eefje de Visser, Zwangere Guy en Temples. Op metalfestival Dokk'em Open Air komme ûnder oare twa Amerikaanske bands te spyljen.
Welcome to The Village © Omrop Fryslân, Maarten Bruining
Welcome to the Village is takom jier tusken 17 en 19 july yn Ljouwert. De organisaasje hat dizze nammen as earste bekendmakke: Eefje de Visser, Temples, Sports Team, Zwangere Guy, Dool, Penelope Isles, Gotu Jim en Sylvie Kreusch.
By Dokk'em Open Air giet it om twa bands út Californië: Death Angel en High On Fire. Earder waarden al de Amerikaanske band Nile, de Ingelske formaasje Haken en Crystal Lake út Japan fêstlein. It metalfestival yn Dokkum is takom jier op 3 en 4 july. De organisaasje sil ynkoarten de earste headliner nei bûten bringe.
Cradle of Filth op Dokk'em Open Air © Ronnie Porte