Fries om utens wiis mei ferkiezingsútslach, al tinke syn bern der oars oer

13 des 2019 - 09:51

De konservative partij fan premier Boris Johnson hat de ferkiezingen yn it Feriene Keninkryk wûn mei 357 sitten. Opposysjepartij Labour moat 42 sitten ynleverje. Johnson liket mei de mearderheid syn Brexit no trochfiere te kinnen. Hy wol dat it lân op 31 jannewaris út de EU stapt. Fries om utens Johan Bolling wennet yn Norfolk en is yn 1973 fan Bûtenpost nei it Feriene Keninkryk ferhûze, krekt trije dagen nei't it Feriene Keninkryk by de EU kaam. Hy is tefreden mei de útslach.

Premier Boris Johnson - Foto: ANP

Bolling is wol wiis mei de útkomst fan de ferkiezingen. "It sil it lân rêst jaan en sy kinne no wer foarút mei Brexit. Johnson hat ek mear kontakt mei de working class, dus it sil wol goed wêze. It sil it lân feroarje en foarút bringe. The establishment hat ferlern en wy kinne no foarút. Dat kin mei in sterke lieder. De oare kant is dat Labour ferneatige is en in nije wei fine moat."

Wer foarút

Nei eigen sizzen hie Bolling it ek wol ferwachte. "Mar wy wisten net hoe grut de winst krekt wêze soe. Jeremy Corbyn is net geskikt as lieder. Boris hat in dúdlike boadskip, wy wolle rêst yn it lân hawwe en wer foarút. Ik tink dat it wol in pear jierren duorret foar't it probleem om de Brexit hinne folslein oplost is."

Net eltsenien tinkt der sa oer, ek binnen de húshâlding fan Bolling net. "Myn bern tinke der oars oer as ik der oer tink. Mar sy moatte no akseptearje dat it sa is. No kinne ek de jongere minsken in nije rjochting fine."

Fries om utens Johan Bolling út Norfolk wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)