Kollum: "Nije dreamen foar Langwar"

"Skûtsjes binne eigenwize skippen en neffens my binne guon besiele. It is krekt as hawwe dy in persoanlikheid. De relaasje tusken sa'n skûtsje en har skipper kinst dan eins hast wol omskriuwe as in leafdesrelaasje. As de skipper én bemanning it skûtsje goed oanfiele dan wurdt dy bak izer in libben wêzen. Ien mei de wyn en de weagen, like sierlik as in swan.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Elts skûtsje hat syn eigen unike ferhaal en dy binne lokkich gauris optekene yn moaie boeken, lykas bygelyks it boek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema's, wat giet oer ús skûtsje. Dit skip hat neist in nijsgjirrige skiednis ek in eigen wil. Dêr komt by dat De Jonge Jan neffens my in bining hat mei Warten want doe't se noch fan Jan en Jel Sytema wie, sylden se in protte mei Wartensters en lei it skip hjir ek faak. Oft it wier is dat dy selde Wartensters De Jonge Jan eartiids keapje woene om der mei te silen by de SKS wit ik net, mar it is yn alle gefallen wol mislearre.
Dochs hat it skûtsje har wei werom fûn nei ús doarp en wy hawwe der in protte bysûndere mominten mei belibbe by de IFKS. Dat haadstik is ynearsten ôfsluten en myn gefoel hat altyd sein dat De Jonge Jan ek graach wer ris by de SKS sile wol en dan it leafste foar Warten. Wa't dêr in bytsje doel oer hat, wit dat soks net mear as in dream wêze kin mar wa't in bytsje fantasy hat, hâldt altyd goede moed. No jou ik ornaris de moed net gau op en dêrom fyn ik it machtich moai dat ús skûtsje oan in nij haadstik begjint yn de SKS, mei in skipper dy't hikke en tein is yn Warten, by ús op 'e buert!
Ik haw it oer Harmen Brouwer, de nije skipper fan Langwar en hy sil dit aventoer oangean op De Jonge Jan! Syn oerpake Tjitte Brouwer hat ek skipper west op De Jonge Jan, mei as hichtepunt it SKS-kampioenskip fan 1953 en oerpake Wietse Visser hearde by de Wartensters dy't altyd op it skûtsje sieten. Hiene sy it doe al keapje kinnen om mei te dwaan oan de SKS, dan hie hy nei alle gedachten ek skipper wurden, dus dat makket it foar Harmen ekstra spesjaal.
Yn in eardere kollum haw ik it al ris hân oer de ferbining tusken Warten en Langwar want it skynt dat de terpen yn dizze beide doarpen yn in fier ferline neffens it stjerrebyld de swan oanlein binne. In swan is it symboal foar de takomst, Godlike leafde, wiisheid en ivige trou. Yn 'e wrâld fan de âlde mytology wiene it ek beglieders fan de sielen dy't ferstoarn wiene of berne waarden.
Warten en Langwar hawwe beide trije swannen yn it doarpswapen, de tsjerken hawwe ek in wynwizer mei swannen derop en doe't wy in pear wiken lyn op in prachtige hjerstdei troch De Alde Feanen sylden, mei Harmen as skipper en Fonger by de fok, swommen der op in bepaald momint twa swannen neist it skûtsje. Doe't wy harren foarby wiene, stigen se op út it wetter en fleagen se mei krêftige slagen foar ús út.
Ik hâld fan symboalyk én as eat goed fielt en dit nije aventoer fan De Jonge Jan jout ús allegearre in goed gefoel. Wy winksje Harmen mei syn bemanning én de kommisje Langwar dan ek in soad súkses ta mei, sa't ik it no mar efkes neam, it skûtsje fan 'Langwarten'! Dizze namme skeat my lêst ynienen yn 't sin yn De Alde Feanen, dêr't de swannen opstigen rjochting de takomst en nije dreamen."