FIDEO: "De nieuwe Afsluitdijk is een toonbeeld van waterbouw voor de 21ste eeuw"

As omjouwingsmanager fan de Ofslútdyk foar Rykswettersteat is Lukas Meursing der ferantwurdlik foar dat de feroaringen oan de dyk goed ôfstimd wurde mei de omjouwing. Meursing sjocht de dyk as in ikoan. Sûnt de Ofslútdyk der stiet, hawwe der gjin grutte oerstreamingen mear west in it gebiet. No't de seespegel omheech giet, moat de dyk ferhege wurde. Meursing set him dêr foar yn: "De nieuwe Afsluitdijk wordt een toonbeeld van waterbouw voor de 21ste eeuw."
Projekt De Ofslútdyk - omjouwingsmanager
De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.