Kampioensskûtsje foar Langwar: Harmen Brouwer sylt yn 2020 op De Jonge Jan

SKS-skipper fan Langwar, Harmen Brouwer, sil takom seizoen op skûtsje De Jonge Jan fan Jelle en Hilda Talsma sile. Yn de kommende wiken wurdt it skip dêr wer nedich oanpast neffens de regels fan de SKS. It is ien út in rige feroaringen dy't Stichting Skûtsjes Doniawerstal fan Langwar de ôfrûne moannen trochfierd hat. "Mei in nije skipper, nije bemanning, in oar skûtsje en foar in part in nij bestjoer is it roer om. Der waait in frisse wyn", seit Albert van der Helm fan it bestjoer.
Lange repo Jonge Jan
Dy hagelnije skipper en syn bemanning giene der fanút dat sy takom seizoen noch op De Twee Gebroerders sile soene. It logge Langwarder skûtsje dat troch in ûngeunstige seilformule de lêste jierren hast net foarút te brannen wie. Trettjin, fjirtjin, fjirtin. Sa seagen de einklasseminten fan de ôfrûne trije jier der foar de Langwarders út. Mar doe gie de telefoan mei oan de oare kant Jelle Talsma en in hast net ôf te slaan oanbod: De Jonge Jan.
Harmen Brouwer oan it helmhout fan De Jonge Jan © Hilda Talsma
Skipper Harmen Brouwer
Harmen: "Dat wie in hiele ferrassing. Ik haw fansels ek wolris neitocht oer wat no in moai skip is dêr't je súksesfol mei wêze kinne. De Jonge Jan is dêr ien fan en dan komt it sa op je ta. Dat is fantastysk." De Jonge Jan, ek bekend as 'De Poep' (wat markol betsjut) is dan ek in rappe Piipster, dy't yn 1911 by Roorda fan de werf yn Drachten rôle en hast gelyk al de earste gûnen oan prizejild binnenhelle. In skip dat fan bysûndere ferhalen oan inoar hinget en tal fan kampioenskippen op syn namme hat.

Oerpake Tjitte

Yn ien fan dy ferhalen dûke ek de oerpakes fan Harmen op. Oerpake Tjitte Jansz Brouwer fan heit syn kant hat yn 1953 mei De Jonge Jan de SKS wûn en Oerpake Wytze fan mem har kant hat ek jierren op it skûtsje syld. "Ik bin leafhawwer fan it skûtsjesilen mar ek in leafhawwer fan de histoarje. Ast op De Jonge Jan sile meist, yn de histoarje graven giest en it docht bliken dat je der kwa famyljebannen ek noch wat mei hawwe dan is dat wol in hiele moaie bykomstichheid. Ik bin fan miening dat as je súksesfol wêze wolle mei it skûtsjesilen, dan moat je ek bining mei in skip hawwe. No, dat moat hjir altyd goed komme!"
Fonger Talsma, Jelle Talsma en Harmen Brouwer op De Jonge Jan © Hilda Talsma

Op 'e nij it skûtsje fan Langwar

Hielendal nij is de gearwurking tusken De Jonge Jan en Langwar net. Fan 2001 oant en mei 2005 sylde de Piipster ek al foar Langwar, mar as it hiertermyn fan 5 jier ôfrint en de ferkeappriis de Langwarders te heech is, grypt Jelle Talsma syn kâns. In kâns dy't him fertuten docht, want yn 2006 ferskynt hy oan de start fan de C-klasse yn de IFKS om yn trije jier streekrjocht troch te silen nei de A's en ek dêr gelyk kampioen te wurden.
Jelle Talsma oer it ôfstean fan it skûtsje
De Jonge Jan © Omrop Fryslân, Hilda Talsma
Ik ferwachtsje wol dat hy mei in pryske weromkomt, oars sille we him neisjen fansels.
Jelle Talsma, eigner De Jonge Jan
Soan Fonger nimt yn 2016 in foarbyld oan syn heit. Hy promofeart dat jier gelyk fan de C-klasse nei de B. In jier letter wurdt hy yn dyt klasse kampioen. Hy sylt noch ien jier yn de A's mar lit it wedstriidsilen dêrnei gewurde. Dizze simmer leit De Jonge Jan net op de Fryske marren, mar foar de wâl yn Warten.
Jelle: "Dat is eins wol in bytsje skande, dus ik fyn it moai dat 'r aanst wer sylt." Talsma fiert de druk daalks efkes op: "Ik ferwachtsje wol dat Harmen sa no en dan mei in pryske thúskomt, want oars sille we him neisjen fansels." Dêrnei wer realistysk: "Moatst hearre, dy boat giet hurd mar do moast wol de goeie kant op sile en dat is oan Harmen. It is fansels net samar wat en do sylst net samar foaroan. Se hawwe gewoan efkes tiid nedich om it spul goed te plak te krijen, mar ik sjoch dat wol mei betrouwen temjitte. Ik tink wol dat se sa no en dan mei in priis thuskomme."
Dat wy mei dit skip sile meie, dat makket my hiel grutsk.
Harmen Brouwer, skipper Langwar
Harmen: "Jelle en Fonger hawwe der hiel súksesfol mei west, dus ik hoop dat wy dat ek weze kinne. Mar ik bin my der ek tige fan bewust dat we no krekt úteinsette mei in nije ploech. Der moatte je yngroeie, je moatte bining mei sa'n skip krije, de bemanning ek. It wurdt in aventoer, fantastysk. Dat we mei dit skip sile meie makket my hiel grutsk."