Hurdrinster Hinke Schokker: "Ik tocht dat it wol goedkomme soe"

13 des 2019 - 19:33

Hurdrinster Hinke Schokker fan Eastermar hâldt op mei draven. Se is posityf test op dopinggebrûk by it NK ultrarinnen yn Winschoten. Schokker moat har medalje fan it NK ynleverje, har Nederlânsk rekôr is net mear jildich en har namme is út útslaggen skrast.

De Doping Autoriteit seit dat sawol de A-staal as de B-staal dopinggebrûk befêstiget. "Ik bin as in krimineel behannele", skriuwt Schokker sels yn in ferklearring op har weblog. De Atletykuny woe it nijs al earder nei bûten bringe, mar Schokker hat dit mei har advokaat sa lang mooglik tsjinholden.

Neffens Schokker is sy ûnder druk set en is se in soad jild kwyt mei har advokaat. "Ik siet midden yn myn sollisitaasjes en it like my net sa geunstich om no alles yn de publisiteit te smiten. Soe ik dan oait noch wol in baan fine kinne?", freget se har ôf.

Hinke Schokker - Foto: De Vries Media

"Mei sokke saken regearje ûnderbúkgefoelens en giet it net om de wierheid. Myn advokaat hat der oeren ynstutsen om de publikaasje tsjin te hâlden. In grut diel fan dy 15.000 euro is útjûn oan it tsjinhâlden fan de publikaasje troch de Atletykuny. Uteinlik fielde ik my sa ûnder druk set, dat ik derfoar keazen ha om it sels nei bûten te bringen."

Schokker: ûnskuldich medisyn

Schokker seit dat it om in ûnskuldich medisyn giet. Om hokker middel it krekt giet, wol se net kwyt. De 35-jierrige atlete is bot oandien troch de beskuldiging. "Ik mei net allinnich gjin wedstriden mear rinne, ik mei oan gjin inkelde sport mear meidwaan, yn ferienigingsferbân. Ik mei op moandei net mear nei de hynderrydles. Ik mei net mear oan hynderrydwedstriden meidwaan. Ik mei nergens op de wrâld noch meidwaan oan in wedstriid fan watfoar sport dan ek. Ik mei net mear yn de buert komme fan in atletykbaan. Ik mei sels net as frijwilliger helpe by in evenemint."

"Ik tink net mear dat it goedkomt"

Schokker krige it nijs te hearren fia in telefoantsje. "Dit iene telefoantsje hat alles op 'e kop set. Ik tocht earst dat it wol tafoel. Dat it rjochtset wurde moast en dat it dan wol goedkomme soe en ik alles efter my litte koe. Yntusken binne we twa moannen fierder. 15.000 euro lichter en in protte kopsoargen riker. En ik tink net mear dat it goedkomt", skriuwt Schokker op har weblog.

Sy woe har de kommende tiid rjochtsje op har oplieding, in baan en har man. "Yn stee dêrfan ha ik allinnich mei dizze saak dwaande west. Ik ha myn wurk ferwaarleazge, sollisitaasjes ferpest. De takomstplannen fan it gearwenjen en in hûs keapjen steane yn de wacht, want myn sparjild is op. Ik lit my n et mear as in krimineel behannelje. Ik lit my net noch fierder op kosten jage foar in ferdigening. It wedstriidrinnen heart no ta it ferline."

Jaring de Groot fan Omrop Fryslân, sels ek ultrarinner, oer de dopingkwestje fan Hinke Schokker

Foarsitter Herman Ram fan de Nederlandse Dopingautoriteit legt uit hoe een dopingonderzoek werkt

(advertinsje)
(advertinsje)